Opnij petear oer SAR-heli's

18 okt 2007 - 12:20
  • Bliuwe de SAR-heli's yn Ljouwert?

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels praat tongersdei mei steatssikretaris van der Knaap fan Definsje oer de takomst fan de SAR-helikopters.

It kabinet wol de heli's fan de fleanbasis Ljouwert oerbringe nei de marinebasis yn Den Helder. De provinsje is dêr fûl tsjinstanner fan en krijt stipe fan in mearderheid fan de Twadde Keamer. Dy wol dat Van der Knaap der nochris mei it Noarden oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)