Opnij parkearmeter fernield

07 feb 2008 - 10:39

Yn Dokkum is in parkearmeter oan 'e Hurddraversdyk foar de twadde kear fernield. Ofrûne tongersdei waard in nije meter pleatst, om't de âlde fernield wie. Moandei die bliken dat ek dy twadde meter folslein fernield is. Nei alle gedachten is er mei swier fjoerwurk opblaasd.

De skea wurdt rûsd op achttûzen euro. In buertûndersyk hat neffens de plysje gjin doel, om't gjinien hiel tichtby de parkearmeter wennet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)