Opnij op training nei kofjetest

23 okt 2005 - 11:56

De meiwurkers fan Brasserie De Waag yn Drachten moatte opnij op kofjetraining. De Waag einige op it 30e plak yn de kofjetest fan it Algemeen Dagblad. Dêrmei skoart De Waag neffens it deiblêd ûnfoldwaande foar it skinken fan in goed kopke kofje. De bêste Fryske kofjeskinker is de Hema op it Hearrenfean, dy stiet op it 18e plak.

Op nûmer fjirtich stiet de kofje- en teeskinkerij Museum op 'e Jouwer mei te bittere kofje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)