Opnij oanhâldings foar strjitrôven It Hearrenfean

13 nov 2014 - 12:01

De plysje fan It Hearrenfean hat opnij trije fertochten oanholden yn it ûndersyk nei de strjitrôven. It giet om trije ynwenners fan It Hearrenfean dy't fertochte wurde fan heling yn stellen guod. Der wurdt noch ûndersocht oft se ek meiwurke hawwe oan de berôvings.

Earder hold de plysje twa jonges fan 17 en 18 jier fan It Hearrenfean oan as fertochten fan de berôvings. Fan juny oant en mei oktober fûnen op ferskate plakken rûnom It Hearrenfean strjitrôven plak. Der waard somtiden in soad geweld brûkt, wêrtroch in soad ûnrêst ûntstie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)