Opnij moardfertochten oppakt

10 des 2012 - 10:25
  • It plak fan de moard by it swimbad yn Mearum

De plysje hat opnij twa fertochten oanhâlden fan de moard op Jan Elzinga. Hy waard op 10 july deasketten by it swimbad fan Mearum. De nije fertochten soene de freondinne fan it slachtoffer en har broer wêze. Dat melde ferskate media. De frou (33) wennet yn Mearum en har broer (30) yn Twizel.

De twa binne ferline wike tiisdei oppakt nei oanlieding fan it ûndersyk. Ofrûne freed hat de rjochter bepaald dat se de kommende twa wiken fêstsitten bliuwe. Earder waarden ek al trije fertochten oanhâlden. Twa stean hjoed foar de rjochter yn Zwolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)