Opnij lokale omrop yn swier waar

18 nov 2003 - 00:00

De lokale omrop fan Smellingerlân sit yn swier waar. De SLOS hat jildkrapte en der is noch mar ien bestjoerslid. In riedskommisje wol no foar fiif jier stjoertiid oanfreegje by it Kommissariaat foar de Media. De gemeente moat jild beskikber stelle. Betingst is dan wol dat der ek jild út reklame komt.

Earder besleat It Hearrenfean ek al om de jildkraan by de lokale omrop HOS ticht te draaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)