Opnij kreakers yn F. Bolstrjitte

21 maaie 2004 - 00:00

Kreakers dy't tongersdei foar de twadde kear besocht ha de âld skoalle oan de Ferdinand Bolstrjitte yn Ljouwert te kreakjen, ha in grutte binde achterlitten.

Tongersdeitejûn waard de plysje tipt dat in groepke kreakers ynbrutsen hie yn de skoalle. Earst wegeren de kreakers fuort te gean, mar doe't de offisier fan Justysje derby kaam, naaiden se út. Nei alle gedachten komt der no in stek om de skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)