Opnij grut kongres yn Ljouwert

29 jun 2010 - 19:48

Ljouwert krijt takom jier opnij besite fan in grut kongres. Fan 5 oant en mei 8 juny 2011 komt it saneamde 'International Microbial Fuel Cell Conference' nei de stêd ta. Op de byienkomst sille de nijste ûntwikkelings op it mêd fan enerzjy- en gemikaliënproduksje presintearre wurde.

De earste twa edysjes fan it enerzjykongres wiene yn Korea en Amearika. Der wurde rom 300 besikers ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)