Opnij goud foar Van der Horst

29 aug 2014 - 10:32
  • Rixt van der Horst

Hynsterydster Rixt van der Horst fan Grou hat opnij in gouden medalje helle op it wrâldkampioenskip paradressuer yn Frankryk. Se die dat fan 'e moarn mei har hynder Uniek op de kuer op muzyk. Juster helle Van her Horst ek in yndividuele gouden medalje. Mei it Nederlânske team wûn se justerjûn in sulveren medalje. Mei dy prestaasje hat it team him pleatst foar Paralympyske Spelen yn 2016 yn Rio de Janeiro.

Rixt hat troch soerstofgebrek by har berte ûnder oare spastyske diplegy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)