Opnij glêd op diken

03 feb 2010 - 07:08

It is woansdei opnij pleatslik glêd. De sneldiken binne goed begeanber, mar troch pleatslike sniebuikes kin it op lytsere diken flink glêd wêze. Ek op- en ôfritten kinne glêd wêze.

Yn Grinslân, Drinte en Flevolân hat it ferkear gruttere problemen. Op de A6 troch de polder wie woansdeitemoarn mar ien rydbaan iepen. Yntusken is de dyk wer begeanber en is allinne de ynhelstrook yn noardelike rjochting noch ticht foar herstelwurk oan de fangrail.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)