Opnij gjin oerwinning Harkiten

22 sep 2012 - 16:32

Harkemase Boys hat sneon mei 0-0 lykspile tsjin koprinner Sparta Nijkerk. De Harkiten begongen fol fjoer oan de wedstriid wat resultearre yn in soad kânsen. Foar it skoft wie it Heine Uuldriks dy't de 1-0 meitsje moatten hie. Each yn each mei de keeper fersomme de spits lykwols te skoaren.

Yn de twadde helte wie it opnij Uuldriks dy't kâns op kâns krige. Sparta-keeper Kevin Rijnvis blykte mei tal fan knappe reddingen in wiere pleach foar de thúsploech. De Harkiten wachtsje noch altyd op de earste kompetysjeoerwinning.

De ploech fan trainer Willem Brouwer kampt mei in grut tal blessearre spilers. Neist Reinder Slager, Jordy van Wijk en Bas Hooiveld moast ek Jasper Valentijn nei de warming-up plaknimme op de blessuerebank. It waard noch slimmer doe't Roel van der Meulen nei noch gjin kertier spyljen it fjild mei in blessuere ferlitte moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)