Opnij ferlies H'feanfroulju

06 okt 2012 - 13:30
  • SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed mei 2-1 ferlern fan Telstar. Yn Velsen kamen de froulju al betiid yn de wedstriid op efterstân. Nei fiif minuten wie it Dominique Vugts dy't Telstar op 1-0 sette. Yn de twadde helte wreide de thúsploech de foarsprong binnen in kertier út nei 2-0. Yvonne Ploeg makke yn de 68e minút de oanslutingstreffer foar de Feanster froulju. Fierder as ien doelpunt kamen de froulju fan trainster Jessica Torny lykwols net.

Mei 2 punten út 6 wedstriden stiet SC Hearrenfean op it lêste plak yn de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)