Opnij ferlies foar Avanti

26 nov 2011 - 08:42
  • ZVV-Avanti Stiens

De sealfuotballers fan Avanti út Stiens hawwe freedtejûn wer ferlern. De wedstriid tsjin Fermonia Boys út Roermond wie hiel belangryk om de oansluting ûnderyn noch in bytsje te hâlden. Mar de Stienzers giene mei 6-4 kopke ûnder. De wedstriid wie it oansjen mear as wurdich, mar it resultaat wie foar Avanti teloarstellend, se rekken mar leafst sân kear peal en latte en boppedat stie der in geweldige keeper yn de goal by Fermonia.

.

It wurdt no foar de Stienzers wol hiel dreech om har te hanthavenjen yn dizze klasse. Nije wike steit de drege útwedstriid tsjin de Leekster Eagles op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)