Opnij diskusje Sintrale As

02 sep 2010 - 10:41

De diskusje oer in fjouwerbaanske Sintrale As, de dyk fan Dokkum nei Nijegea komt wer werom. In evaluaasje lit sjen dat de groei fan it ferkear op it noardlik part fan de rûte tafalt en dat it oanlizzen net mear perfoarst needsaaklik is. Dat jildt net foar it súdlik part, it stik fan Quatrebras nei Nijegea.

Der is in soad ferset tsjin de plannen sa't dy der no lizze. Benammen natuerklups binne poer tsjin de fjouwerbaansdyk op it noardlik part.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)