Opnij diskusje oer alkoholslot

06 maaie 2014 - 12:49

It debat oer it alkoholslot lôget op, no't minister Schultz van Haegen de wet tydlik sa wizige hat dat frachtwein- en bussjauffeurs net ferplichte wurde om sa'n alkoholslot yn te bouwen. Dat ynbouwen wie sawol juridysk as praktysk al in probleem. Juridysk omdat soks noch net goed regele wie en praktysk is it in probleem omdat de sjauffeurs lang net altiten yn ien fêste wein ride.

Hjirtroch rekken sjauffeurs yn de praktyk harren grut riidbewiis kwyt en dêrmei harren baan as sy privee betrape waarden mei tefolle drank op.

CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe wol dat de minister it juridysk mooglik makket om it slot yn bussen en frachtweinen yn te bouwen. En as dat praktyske problemen jout, binne de konsekwinsjes foar de sjauffeur. Ljouwerter advokaat Tjalling van der Goot fynt dat de ynset fan it alkoholslot net troch it Centraal Bureau Rijvaardigheid dien wurde moat, mar troch de rjochter, omdat it sokke grutte gefolgen hat foar beropssjauffeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)