Opnij brân op 'e Lemmer

25 okt 2010 - 06:28
  • Opnij in kontenerbrân op 'e Lemmer

Der hat op 'e nij in kontenerbrân west op 'e Lemmer. Dat wie moandeitemoarn tsjin fiven. De plysje rôp minsken fia Burgernet op om út te sjen nei fertochte persoanen.

Ofrûne moanne noch frege boargemaster Stellingwerf fan Lemsterlân de Lemsters ekstra wach te wêzen. Yn it sintrum fan De Lemmer hawwe yn goed in heal jier tiid 40 brantsjes west. Dan giet it benammen om lytse brantsjes sa as yn kontainers. De brannen soargje foar in soad ûnrêst ûnder de Lemsters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)