Opnij beswier ljipaaisykjen

07 maaie 2013 - 21:53
  • Ljipaai

De Faunabeskerming hat tiisdei opnij beswier oantekene tsjin de ûntheffing foar it ljipaaisykjen. Yn febrewaris fan dit jier ferlear de Faunabeskerming in protest by de rjochtbank. No waarden de beswieren fan de Faunabeskerming behannele troch de provinsjale beswierkommisje.

De Faunabeskerming moast dizze stap sette, om de ûntheffing letter noch bestride te kinnen by de Ried fan Steat. Neffens de Faunabeskerming giet it hiel min mei de ljip en is it net ferantwurde om aaien te sykjen en mei te nimmen.

De provinsjale beswierkommisje bringt advys út oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat kolleezje is net ferplichte dat advys op te folgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)