Opnij award foar Buro de Vries

10 mrt 2010 - 18:46

It Omrop Fryslân radio-programma Buro de Vries hat foar it twadde jier op rige in NL-Award wûn. It giet om de útstjoering 'Buro de Vries giet analooch' dy't yn maart ferline jier op 'e radio wie.

De NL-Awards binne prizen dy't elk jier útrikt wurde oan de bêste radio- en tillevyzjeprogramma's fan de regionale omroppen. Yn de útstjoering hawwe de programmamakkers ûndersyk dien nei de ympakt fan kompjûters op ús libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)