Opnij auto's yn 'e brân

23 nov 2005 - 08:49

Yn de Ljouwerter wyk Huzum-West is moandeitenacht wer in auto yn 'e brân stutsen. Dy stie parkeard yn de Wijnhornsterstrjitte en rekke troch de brân folslein fernield. De ôfrûne wike waard al seis kear earder in auto yn 'e brân stutsen yn Huzum.

Ek yn in oare strjitte yn Ljouwert baarnde in auto út. It giet om in auto dy't yn de Hazelaarstrjitte stie. De plysje hat yntusken ferskate minsken op de saak set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)