Opnij alkoholfergiftiging Skylge

30 jul 2002 - 00:00

Der binne opnij twa jonges bewusteleas rekke op Skylge troch in te hege drankkonsumpsje. In 16-jierrige jonge fan Bovenkarspel, dy't oars nea drinkt, hie in stik as tsien rum-kola's hân en rekke út 'e tiid. Dat barde yn Midslân.

In 15-jierrige jonge út Lelystêd hie tefolle Tequila op en waard yn West bewusteleas fûn. It tal jongerein mei alkoholfergiftiging komt no op njoggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)