Opnij 50 banen fuort by Philips

12 nov 2003 - 00:00

Philips wol yn Drachten opnij fyftich arbeidsplakken skrasse troch de fabrikaazje fan skearapparaatmotors nei Sina te ferpleatsen. Heal septimber kundige it konsern al oan dat yn Drachten 180 banen ferdwine troch it oerheveljen fan produksje nei Sina.

Neffens Piet Fortuin fan CNV metaal en elektro is it hielendal net goedkeaper om de motorproduksje yn Sina dwaan te litten. Yn it fabryk yn Drachten wurdt neffens him al tige effisjint wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)