Opnamestudio op Flylân

01 apr 2013 - 11:41
  • Waadkust Flylân

Rekreaasjesintrum De Bolder op Flylân hat plannen foar in eigen opnamestudio. Dy moat grutte bands út Nederlân de mooglikheid jaan har muzyk op te nimmen yn de bysûndere sfear fan it eilân.

De studio sil wurkje mei profesjonele opnametechnisy en muzykpromotors, oanfold mei lokale meiwurkers. De provinsje Fryslân hat goed 11.000 euro oer foar de studio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)