Opnames Moordvrouw yn Swichum

07 sep 2011 - 12:01
  • Wendy van Dijk

De opnames foar de televyzjesearje Moordvrouw binne woansdei begûn. Yn Swichum wiene de akteurs fan de nije plysjesearje oan it filmjen. De searje spilet yn Fryslân. De haadrol wurdt troch Wendy van Dijk spile. Oare akteurs binne Renée Soutendijk, Thijs Römer en Porgy Franssen.

Der wurde noch figuranten socht. De opnames duorje oant heal desimber en binne op ferskate plakken yn Fryslân en yn de studio yn Hilversum. De searje is takom maitiid op tv.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)