Opnamen foar tocht 1963

17 feb 2009 - 09:56

Kommende wike wurde yn Fryslân opnamen makke foar de alvestêdetochtfilm De Hel van '63 fan Steven de Jong. Der wurdt in wike lang filme. Ek yn de earste twa wiken fan april binne der opnamen yn Fryslân foar de film.

Op dit stuit wurdt der filme yn Letlân, yn maart yn Laplân. De film oer de barre alvestêdetocht fan 1963, is fan desimber ôf te sjen yn de bioskoop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)