Opnamen foar 'Bak' hast klear

09 okt 2014 - 20:19
  • De opnamen foar 'Bak' binne hast klear

De opnamen foar de nije Frysktalige film 'Bak' binne hast klear. De film sil de earste Fryske thriller wêze op it wite doek en wurdt regisearre troch Auke de Witte. De filmploech hat noch sa'n acht draaidagen tiid nedich. De film is basseare op it boek 'Bak' fan de Ljouwerter sjoernalist Sietse de Vries. 'Bak' giet oer in sjoernalist dy't in moard begiet en dêr sels artikels oer skriuwt. Joop Wittermans hat tegearre mei Joke Tjalsma de haadrol.

Yn febrewaris 2015 moat de film klear wêze. De thriller wurdt ek by Omrop Fryslân útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)