Opnamen De Keet sette útein

24 jun 2013 - 10:11
  • De Keet

De opnamen fan de nije dramasearje fan De Keet binne moandei úteinset. De searje wurdt makke foar Omrop Fryslân en sil fan jannewaris ôf útstjoerd wurde. De earste opnamen binne yn in wenhûs op De Jouwer. De sênes mei de famylje De Jong wurde dêr opnommen. Mei-inoar binne der 45 draaidagen foar de searje. Der wurde tsien ôfleverings makke.

De Keet draait om Diede. Hy hat in ûngelok hân en is folslein ferlamme. Syn freonen fan de keet besykje it sa leuk mooglik foar him te meitsjen. Mar dat slagget net altyd.

De searje is betocht troch Mirjam de With. Sy is ek de regisseur fan De Keet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)