Opname Pennys Shadow op Amelân

18 aug 2010 - 16:13

Op It Amelân is Steven de Jong syn nijste film, Pennys Shadow, oan it opnimmen. Yn de dunen is it in drokte fan belang mei kameraminsken, akteurs en hynders. Sa'n tsien hynders spylje in belangrike rol yn de film. Fierder dogge akteurs mei as Liza Sips, Gaby Blaaser, Tanja Jess en Rick Engelkes.

De famyljefilm giet oer it hynder Shadow, in neikommeling fan de ferneamde rêdingshynders. Yn 1979 kamen acht hynders om yn see by it lansearjen fan in rêdingsboat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)