Opmerklike buorden Oekraïnereferindum op stasjon Ljouwert

06 apr 2016 - 16:22

Op it stasjon fan Ljouwert binne opmerklike buorden pleatst fanwegen it Oekraïnereferindum. De buorden ferwize nei it stimburo tsjinoer it stasjon, mar it wurd 'tegenover' past der net yn syn gehiel op. De gemeente Ljouwert hat er dêrom foar keazen om in streekje tusken 'tegen' en 'over' te pleatsen en no liket it krekt as oft der oproppen wurdt tsjin te stimmen.

Yntusken binne der op social media al in soad reaksjes op de buorden kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)