Opmeer yn race foar TV-Ring

26 sep 2014 - 14:37
  • Opmeer yn race foar TV-Ring
  • Leader SynDROOM 2014

De Fryske regisseur en producer Maaike Opmeer út Lekkum makket kâns om nominearre te wurden foar de Gouden Televizier-Ring. Opmeer wurket al jierren yn Hilversum en is op dit stuit regisseur fan it programma SynDROOM. Dat programma is kânshawwer foar nominaasje yn de race om de prestisjeuze priis. Yn it programma kinne minsken mei it Syndroom fan Down harren dream útkomme litte.

Der kin oant 29 septimber noch stimd wurde. Dêrnei wurdt bekend hokker programma's kâns meitsje op de Televizier-Ring dy't op tongersdei 16 oktober útrikt wurdt.

Opmeer is grutsk op de nominaasje: "We hopen er enorm op, het zou een kroon zijn op ons werk. SynDROOM is een geweldig programma om te maken. Ik vind het werkelijk een cadeautje om te helpen dromen waar te maken. Het is dagelijks een feestje! Ik weet zeker dat ik namens het hele team spreek."

www.televizier.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)