Opmars fan iPads op skoallen

01 sep 2014 - 15:37
  • De iPad op skoalle

De iPad is dwaande mei in opmars yn it middelber ûnderwiis. Hieltiid mear Fryske skoallen brûke de tablet yn de lessen. As ferfanging fan de boeken, mar ek foar tal fan oare saken. De dosinten op it Magister Alvinus kolleezje yn Snits fine dat de komst fan de iPad yn de klasse de lessen folle iepener en ynteraktiver makke hat.

Wol binne der ek wat problemen. Sa ha net alle skoallen in goeie ynternetferbining foar al dy iPads. En it lesmateriaal is net altyd op tiid beskikber.

Op it Drachtster Lyceum hat in folsleine Havo-klasse de iPad ynleverje moatten. De resultaten fan de learlingen wiene ferline jier bot minder wurden. En dat soe neffens de skoallieding wolris oan de iPad lizze kinne. Op it lyseum wurkje se al wat langer mei de iPad yn de klasse. Nei de suksesfolle ynfiering op it ateneum is ferline jier de tablet ek ynfierd by in Havo-klasse. Mar dat rûn út de hân. De resultaten giene hurd achterút. Mooglik dat de iPad takom jier weromkomt op de Havo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)