Oplossings frege foar rotonde

17 jan 2007 - 10:45
  • Wa lost it fileprobleem by De Jouwer op?

De provinsje ropt it bedriuwslibben op om oplossings te betinken foar de ferkearsproblemen by de rotonde op De Jouwer. As der bettere plannen binne as dy fan no, soe dat betsjutte dat de ideeën foar in fly-over net trochgean.

Mei sa'n fly-over wurdt it ferkear fan en nei It Hearrenfean en De Lemmer oer de rotonde hinne laat. It kabinet hat 10 miljoen euro beskiber steld foar de rotonde. Gemeenten en provinsje dogge dêr noch 4 miljoen euro by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)