Oplossing rûnwei Frjentsjer

24 apr 2009 - 12:12
  • It lân fan 'e boer blokkearret de rûnwei....
  • Wethâlder Twerda fan Frjentsjerteradiel

Frjentsjer hat in tydlike oplossing fûn foar de problemen mei de oanlis fan 'e súdlike rûnwei. De rûnwei wurdt no op de Tsjommerwei oansluten. Dit is nedich omdat de oanlis fan in rotonde op dit stuit net mooglik is.

Oarsaak is it konflikt tusken de gemeente en boer Van der Schaar. De boer wol syn lân net ôfstean. Troch in flater mei de ûnteigeningsproseduere kin it wol twa jier duorje foardat de grûn frijkomt. De gemeente ûndersiket ek in alternative rûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)