Oplossing ID-ers Smellingerlân

17 des 2003 - 00:00

De gemeente Smellingerlân hat in oplossing betocht foar minsken mei in ID-baan dy't by de stifting Sportwerk Fryslân wurkje. Se driigje har baan te ferliezen om't de stifting fanwege de besunigingen ophâldt te bestean.

De gemeente hat yn oerlis mei de organisaasjes, dêr't de 14 minsken wurkje, besletten dat se dêr yn tsjinst komme. Foar de gemeente hat dat gjin finansjele gefolgen. De subsydzje foar Sportwerk giet no nei de organisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)