Oplossing fûn saak Bakkefean

28 aug 2013 - 16:19
  • Nije Buorren yn Bakkefean

Ut it oerlis op it gemeentehûs yn Beetstersweach is woansdeitemiddei in oplossing kaam foar de ûnrêst oan de Nije Buorren yn Bakkefean. It gesin dat oerlêst jout, moat ferhúzje. Yn Bakkefean moast de plysje tiisdeitejûn yngripe om't in konfrontaasje drige tusken sa'n 50 buertbewenners. Yn de wyk is al twa jier sprake fan ûnrêst om't ien hûshâlding foar in protte oerlêst soarget.

Dat eskalearre nei't wenningboustifiting Elkien in bewenner in oanbod die om te ferhúzjen. Dat gie net om it probleemgesin. De buert is tefreden mei dizze oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)