Oplossing foar wenningneed

11 mrt 2005 - 10:02

Der komt noch dit jier in oplossing foar de wenningneed ûnder jongerein yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dat hat wethâlder Nijboer tongersdeitejûn tasein yn de riedsgearkomste. Yn Tytsjerksteradiel is in grut tekoart oan betelbere wenten foar starters.

Jongeren wolle graach yn de gemeente wenjen bliuwe, mar der is in grut tekoart oan geskikte huzen. De gemeente sil him derfoar ynspanne dat der mear goedkeape wenten boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)