Oplossing foar smoarch wetter

14 jul 2011 - 15:56

Yn Snits is tongersdei it smoarchwettersysteem YOSS yn gebrûk naam. Dat is oanlein yn de steger oan de Houkesleatpromenade.

Wettersporters kinne harren smoarchwettertank fia in slang yn de steger op it rioel útwetterje. It is in kwestje fan de slang op de tank sette en dan wurdt dy automatysk leechsûge troch in fakuümpomp dy't op de wâl stiet. It smoarge wetter fan de WC, dûs en spielbak mei net mear yn it oerflaktewetter komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)