Oplossing foar lege kantoaren

07 okt 2013 - 14:43
  • Yn de eardere bank sit no 'Moar financial community'
  • De nije namme fan it Drachtster kantoar

In nij Frysk konsept foar it opknappen fan leechsteande kantoaren liket oan te slaan. It Snitser bedriuw Moar dielt de leechsteande pannen op yn ferskate lytsere kantoaren en siket dêr dan hierders by mei in beskaat tema. It earste gebou dat sa in nije bestemming krigen hat is it âlde Frieslandbank-gebou yn it sintrum fan Drachten. Dêr sitte sûnt koarten in tsiental lytse bedriuwen op it mêd fan de finansjele tsjinstferliening.

Sûnt koart is Moar ek oan de slach yn Ljouwert. Dêr knappe se it gebou fan ING op.

De bank hiert sels noch in tredde part fan it pân, yn de rest komme lytse kantoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)