Oplossing foar azc-leden fuotbal

09 apr 2004 - 00:00

De fuotbalklup fan Sint Anne is bliid mei de oplossing foar de fuotbaljende leden fan it azc. It azc yn Sint Anne is in jier lyn iepen gien. Sûnt dy tiid binne 22 bewenners lid wurden fan de fuotbalklup. It giet om jeugdleden en senioaren. Probleem is de kontribúsje.

De asylsikers krije mar in lytse útkearing en dêr kin it ledejild net fan betelle wurde. De riedskommisje hat no ynstimd mei it beskikber stellen fan jild. De ried beslút oer 14 dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)