Oplosse otterknipepunten djoer

24 maaie 2013 - 15:39
  • By Eastersee waard dizze otter deariden

De provinsje Fryslân sil sûnder ekstra jild fan it Ryk gjin knipepunten oplosse foar de otters, sa ferwachtet Jaap Dirkmaat fan de stifting Das en Boom. Hy hat mei Addy de Jongh fan it Otterstation by de rjochter ôftwongen dat it Ryk binnen in jier knipepunten oplost dêr't otters deariden wurde. It giet dêrby ek om knipepunten yn Fryslân.

Mar oft de frege oplossing der ek echt komt, is noch mar de fraach. Want net it Ryk, mar de provinsjes moatte maatregels nimme om it deariden fan otters foar te kommen. En sokke maatregels binne djoer.

Mei de eardere steatssiktaris Bleker is ôfpraat dat de provinsjes foarsjennings as ottertunnels en wyldfiadukten betelje. Dat driget yn dizze saak in probleem te wurden, omdat it ryk by de oerdracht fan dizze en oare natoertaken oan de provinsjes te min jild jûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)