Oplizzer frachtauto rekket los

17 aug 2012 - 12:56
  • De frachtweinkombinaasje koe net selstannich fierder

Op de Westergoawei by Marsum is freed de oplizzer fan in frachtwein losrekke. By it fiadukt ûnder de A31 is de oplizzer yn de berm bedarre. De kombinaasje koe net selsstannich fierder.

In kraan hat de wein frachtwein wer op de dyk set. By it ûngelok binne gjin ferwûnen fallen. Ek it ferkear koe der gewoan by del. De frachtwein ferfierde griente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)