Oplizzen taakstraffen súkses

18 nov 2001 - 00:00

It oplizzen fan taakstraffen troch de offisier fan Justysje is in grut súkses. Sûnt febrewaris fan dit jier mei de offisier fan Justysje sels taakstraffen oplizze, sûnder dat de fertochte nei de rjochter hoecht.

Oant no ta is dat yn Ljouwert al 100 kear bard. It skeelt de rjochtbank in soad wurk en de fertochte kriget gjin strafblêd. Ek advokaten binne posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)