Oplieding SC Hearrenfean yn top 20 fan Europa

24 feb 2015 - 16:33

De jeugdoplieding fan Sportklup Hearrenfean stiet yn de top 20 fan de 31 Europeeske topdivyzjes. Dat blykt út ûndersyk fan it ferneamde CIES Football Observatory. De Fryske klup stiet op it santjinde plak. De oplieding fan de Feansters levere 40 spilers ôf dy't op dit stuit yn Europa aktyf binne. Koprinner is Ajax mei 77 spilers, folge troch Partizan Belgrado (74 spilers) en Barcelona (57). Feyenoord stiet op it alfde plak. It ûndersyk ûnderstreket dat de oplieding yn it Abe Lenstra stadion goed wurk ôfleveret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)