Oplieding lesjaan lytse bern

08 sep 2014 - 12:03

De hegeskoallen NHL en Stenden binne úteinset mei in post-hbo oplieding lesjaan oan pjutten en beukers. De inisjatyfnimmers hawwe de oplieding opset om't se fine dat bern yn de groepen 1 en 2 no te skoalsk les krije en ôfrekkene wurde op toetsen. Neffens har is it folle better om op in mear boartlike wize bern te ûntwikkeljen, lykas earder dien waard op de beukerskoalle.

De earste groep fan 27 ûnderwizers dy't de nije hbo-oplieding folget, sil leare hoe't se dat yn it moderne ûnderwiis fan no dwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)