Oplieding learaar net populêr

07 sep 2011 - 21:38

De NHL hat 3500 nije oanmeldings krigen foar it nije skoaljier. Dat is in groei fan 3 prosint yn fergelyk mei ferline jier. Dat sei foarsitter Willem Smink fan de ried fan bestjoer woansdei by de iepening fan it stúdzjejier.

Allinnich de dieltiidoplieding foar leararen hat it dreech. Dêr hawwe harren minder belangstellenden oanmeld. Probleem is it hege kolleezjejild dat se betelje moatte, seit Smink.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)