Oplieding jonge âlders

15 mrt 2010 - 12:21

Jonge âlders dy't noch op skoalle sitte, kinne mei fragen oer opfieding en oplieding terjochte by it moetingssintrum Jonge Ouders. Ferline wike waard dat sintrum offisjeel iepene op it Friesland College yn Ljouwert.

Meiwurkers beantwurdzje dêr fragen en ferwize troch. It moetingsplak foar jonge âlders is earst fjouwer dagen yn de wike iepen. Der is grut ferlet fan. No al komme 36 jonge âlders nei de lunsj- en temabyienkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)