Oplieding hynstesport

22 jan 2010 - 10:07

AOC Friesland komt mei in nije oplieding hynstesport. Nei de simmer wurdt dermei úteinset. De oplieding is foar jongeren dy't ambysje hawwe foar de wedstrydsport springen en dressuer.

Der wurdt gearwurke mei in tal bekende spring- en dressuerstâlen yn Nederlân en mei it Keninklik Nederlânsk Hippysk Sportbûn. Troch de gearwurking slute praktyk en teory goed op mekoar oan. Op de oplieding wurdt lesjûn op it mêd fan trening, sûnens en húsfesting foar hynders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)