Oplieding foar skieppehoeder

11 jun 2006 - 16:57

Foar it earst yn Nederlân kinne minsken aanst in offisjele oplieding folgje om skieppehoeder te wurden. Der binne al fiergeande plannen foar sa'n oplieding yn Fryslân, seit Henry Hoiting fan behearbedriuw De Eschhof yn Appelskea.

Hy hat no fjouwer en aanst fiif keppels skiep mei hoeders omrinnen yn Fryslân. Neffens Hoiting wurdt de oplieding opset mei it AOC yn Ljouwert en it praktyksintrum PTC yn Oentsjerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)