Oplieding Cambuur 3 stjerren

14 sep 2007 - 17:41

De KNVB hat de jeugd-oplieding fan Cambuur wurdearre mei trije stjerren. Dat betsjut dat de Ljouwerter fuotbalklub de oplieding op termyn útwreidzje kin mei ekstra alvetallen.

De wurdearring komt ûnder oaren troch it yn gebrúk nimmen fan it nije trainingskompleks 'De HerTgang'. Ek traine de A-, B-, en C-junioaren faker yn de wike. Op termyn moatte mear talinten trochstreame nei it earste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)