Oplichtster sammelt jild yn

09 feb 2001 - 16:28

In famke fan in jier of 17 hat tongersdei in 70-jierrige ynwenster fan Haulerwyk oplicht foar 200 gûne. It famke sutele mei teedoeken en kofje en sei dat de opbringst foar de fjoerwurkramp yn Enschede wie.

Doe't de frou mei grut jild betelle, sei it famke dat se wikseljild helje soe by in tante. Se kaam lykwols net werom. Yn Easterwâlde barde ek soks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)