Oplichtster aktyf yn Grou

10 jul 2014 - 10:47
  • Plysje

De plysje yn Grou warskôget foar in oplichtster. Der wurdt op dit momint ûndersyk dien nei ferskate gefallen fan oplichterij yn de moannen april en juny. De slachtoffers waarden troch in frou oansprutsen. Mei in sneu ferhaal besocht sy oan jild te kommen. Yn guon gefallen slagge dat.

In ynwenner fan Grou hat de plysje warskôge en dy hat de saak no yn ûndersyk. Oare slachtoffers kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)